Projekt Frysk op it Liudger Raai

“Skuldich” skreaun troch “Jennifer de Vries” 

Ek dit jier hat Liudger Raai wer meidien oan it projekt fan Cedin Frysk. Dit hâldt yn dat jo as klasse en dosint in boek krije wat jo mei syn allen lêzen gean. Der site ek in ferwurkingsboekje by mei in tal fragen en moaie opdrachten. 

Dit kear wie it tema: Bernearbeid yn de kleanyndustry. Stiesto wolris stil wêr as dyn klean wei komme? En wa’t dizze klean makket? It docht bliken dat in soad klean makke wurde yn Bangladesh. Bern fan 12 jier moatte wol 10 oeren op in dei wurkje foar dyn klean. En hja fertsjinje hjir net safolle jild mei. It wurk moat barre yn donkere fabriken en mei mar koarte pauzes.  

Net in moai plak om yn te wurkjen. Tink hjir mar ris oan asto wer ris in broek of bloeske keapest.  Alle earste klassen ha oan dit moaie projekt meidien en hja ha prachtige ferwurkingen makke. Hja koenen kieze út fjouwer ferwurkingen:
1.
Boekferslach
2. Poster
3. Strip
4. Eigen betinkst 

Dosint Frysk Aafke de Jong: “Der binne sokke moaie dingen makke. Ik bin as dosint super grutsk op de learlingen dy’t sokke moaie ferwurkingen makke ha. Der wie sels ek noch in spul makke yn Minecraft. Echt super. En net te ferjitten de films dy’t makke binne.”